GGD kin kontrôles net oan

23 okt 2007 - 13:19

De GGD Fryslân kin dit jier net alle berneopfangynstellings ynspektearje, wylst de wet dat wol foarskriuwt. Der is te min personiel om de mear as 300 ynspeksjes jier út te fieren.

De lêste jierren is der in soad opfang bykommen. Boppedat moatte sûnt dit jier alle foar- en tuskenskoalske opfang op 'e basisskoallen ek kontrolearre wurde. In oplossing is der noch net, seit Jan Bleeker fan 'e GGD.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)