Oprop tsjin wykeingeweld Balk

Yn Balk is wykeins de lêste tiid in soad aggresje
Alden fan útgeande bern moatte yn aksje komme om geweld yn it wykein yn Balk te ferminderjen. Dat wol Johan Apperloo, CDA-fraksjefoarsitter yn 'e gemeente Gaasterlân-Sleat.
Apperloo is sels ek heit en hy makket him soargen oer de ferhalen dy't er heart. Geweld, drugs en bedrigings soargje foar in grimitige sfear. Maatregels helpe net genôch. Apperloo ropt tegearre mei syn frou heiten en memmen op om sels mei ideeën te kommen.