'Wachtlist Caparis is te lang'

De wachtlist by Caparis moat oplost wurde
De wachtlist by sosjale wurkfoarsjenning Caparis moat oplost wurde. Dat fine de riedsfraksjes yn de gemeenteried fan Smellingerlân.
Minsken dy't yn 'e beneaming komme foar in plak by de wurkfoarsjenning komme op in wachtlist. It duorret no rûchwei alve moanne foardat der wurk beskikber is. De gemeente sil Caparis en oare partners derta oantrune om mear wurk binnen te heljen.