Frysk leare yn it Ingelsk

De Ingelsktalige Edufrysk-site fan 'e Afûk
De Afûk wurket oan in kursus Frysk yn it Ingelsk. De oanlieding is it grutte tal oanmeldings foar edufrysk.nl, de earste kursus Frysk op ynternet. Tusken de oanmeldings sitte in soad oanfragen fan bern en bernsbern fan Fryske emigranten.
Dy binne de Nederlânske taal faak net of net goed machtich, mar wolle wol graach Frysk leare. De Afûk kin mei edufrysk.nl hûndert minsken sa'n kursus Frysk oanbiede.