Geslachtstoaner oppakt

23 okt 2007 - 10:20

De plysje hat moandei in 23-jierrige man út Boerakker oanhâlden foar it sjen litten fan syn geslacht. Hy waard trasearre nei ferskate meldings en neier ûndersyk.

De man kaam tusken augustus en mids oktober yn 'e bosken by Beetstersweach ferskate kearen froulju oer it mad. As se delfytsten, liet er syn spultsje sjen. De man hat bekend en is dêrnei wer frijlitten. It ûndersyk is noch net klear.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)