Frou berôve yn Ljouwert

© Omrop Fryslân
Yn Ljouwert is moandeitenacht in frou (23) fan de De Jouwer oerfallen en bestellen. De frou rûn op de Albert Schweitzerstrjitte doe't se troch in man op 'e fyts oansprutsen waard. De man woe har tas ha, mar de frou rûn troch. Dêrnei pakte de fertochte in mes en ûnder driging dêrfan hat it slachtoffer de tas oerjûn.
De plysje freget minsken dy't wat sjoen hawwe oft se har melde wolle by de plysje.