Minder leden Boun-om-utens

23 okt 2007 - 10:01
  • Op de byienkomsten fan it Frysk Boun wurdt songen út it lieteboek

It ledetal fan it Frysk Boun om Utens is yn 2006 mei 200 weromrûn. Dat stiet yn it jierferslach oer dat jier fan it bûn. Yn 2005 hie it bûn 4200 leden, yn 2006 wiene dat der 4000.

De fergrizing ûnder de leden fan de ferskate Fryske kriten is de grutste oarsaak foar it tebekrinnen fan it tal leden. Der binne op dit stuit 29 Fryske kriten bûten Fryslân, 26 dêrfan binne oansletten by it Frysk Boun om Utens.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)