Priis sjongfûgels bot omheech

© Omrop Fryslân
De priis fan frjemde sjongfûgels is ysbaarlik heech. Dit komt troch it ynfierferbod dat troch de Europeeske Unie ynsteld is.
Foar fûgels dy't in skofke lyn in pear tientsjes kosten moat no twahûndert euro betelle wurde. De aardichheid is der ôf foar in soad hobbyisten, omdat harren sport troch de nije wet net mear te beteljen is. Stellerij en smokkel komme ek om 'e hoeke sjen.