LC komt mei digitaal argyf

22 okt 2007 - 20:56

De Ljouwerter Krante iepenet woansdei in digitaal argyf. It neislachwurk bestiet út de folsleine ynhâld fan de krante sûnt 1753.

It is foar it earst dat de hiele histoarje fan in krante digitaal beskikber komt. De artikels kinne yn it Nederlânsk socht wurde, mar ek yn it Frysk, Frânsk en âld-Nederlânsk, at dit beskikber is. It argyf is nei registraasje fergees beskikber. De LC is de âldste krante fan Nederlân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)