Huzen Ljouwert djoerder wurden

22 okt 2007 - 15:07

Keaphuzen yn Ljouwert binne de ôfrûne fiif jier yn trochsneed 36 prosint djoerder wurden. Dat docht bliken út ûndersyk fan wenningsite Dimo yn gearwurking mei it Kadaster. In keaphûs yn de gemeente koste yn 2002 gemiddeld hast 120.000 euro. Yn dit jier wie dat goed 163.000 euro.

Yn Tytsjerksteradiel brochten hûzen de ôfrûne fiif jier 26 prosint mear op, yn Boalsert 24 prosint en op It Bilt wie dat 17 prosint.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)