Lootsma hat hynders fuorthelle

22 okt 2007 - 14:21
  • Boer Lootsma hat syn hynders fan it Noarderleech helle

Der komt gjin rjochtsaak fan it Fryske Gea tsjin boer Lootsma. Hy hat fan it wykein lang om let syn 250 hynders út it bûtendyks lân by Marrum helle. As de bisten der foar moandei net wei wiene, hie it Gea de rjochter frege om him dêr ta te twingen.

It Fryske Gea hat ûnderwilens it pachtkontrakt mei Lootsma opsein, om't er him net hâlden hat oan de eindatum fan 15 oktober. Ferline jier kamen hynders by stoarm yn it lân dêr om.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)