Takomst Blauwe Kamp ûnwis

No't it wurk oan it Polderhoofdkanaal stillein is, makket ûndernimmer Brouwer fan Grou him soargen oer syn plan. Hy kocht kamping de Blauwe Kamp yn Nij Beets mei it plan om der in wettersportpark fan te meitsjen.
Nij Beets soe in wettersportdoarp wurde kinne as it Polderhoofdkanaal befarber makke wurdt. It is ûndúdlik hoe't it mei it kanaal komt en dus ek mei de kamping fan Brouwer.