Brânalarm op fearboat Esonborg

Brânalarm yn fearboat Esonborg
Der hat moandei brânalarm west op de fearboat Esonborg. Dy fart fanôf bungalowpark Esonstêd. De bemanning ûntduts fjoer yn ien fan de motoaren. It skip is mei 75 passazjiers werom fearn nei Esonstêd. Net ien rekke ferwûne. Rederij Wagenborg docht ûndersyk nei de motoaren.
De Esonborg fersoarget de feartsjinst tusken Esonstêd, Lauwerseach en Skiermûntseach.