Bern Wâlterswâld nei Dokkum

bern Wâlterswâld geane nei de skoalle De Schakel yn Dokkum
Mear as 30 learlingen fan de Kristlik Nasjonale Skoalle yn Wâlterswâld ferhúzje tongersdei nei De Schakel yn Dokkum. De bern út Wâlterswâld stappe oer om't har âlden it net iens binne mei it beslút fan 'e rjochter. Dy oardiele dat de ynterim-direkteur net skrast wurde mei nei oanlieding fan de problemen op skoalle.
Moarn is der oerlis tusken de direksjes fan beide skoallen.