Spitstrein nei Grins te fol

22 okt 2007 - 10:10

De trein nei Grins sit moarns sa fol, dat der gjin plak mear is foar minsken dy't ûnderweis ynstappe wolle. Dat seit in wurdfierder fan Arriva.

Yn twa jier tiid is it tal reizgers yn de treinen nei Grins mei mear as 20 prosint groeid. Dêr hie de ferfierder net op rekkene. Der binne al nije treinen besteld, mar it duorret jierren foar't dy klear binne. Om't net oeral dûbel spoar leit, kinne treinen net faker ride.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)