SC Hearrenfean wint fan AZ

Afonso Alves skoart it iennichste doelpunt
SC Hearrenfean hat sneintemiddei yn Alkmaar mei 0-1 wûn fan AZ. De wichtige oerwinning kaam ta stân yn blessueretiid. Pranjic skeat op de peal en wa oars as Afonso Alves tikke de bal yn de goal.
It wie in wedstriid wêryn't beide ploegen kânsen hiene op de oerwinning. AZ wie benammen yn de twadde helte de bettere ploech, mar koe de kânsen net omsette yn doelpunten. SC Hearrenfean stiet no op it 11e plak mei 11 punten.