30.000 besikers foar Indoor

Goed 30.000 minsken hat it hynstesportspektakel Indoor Friesland yn it WTC Expo yn Ljouwert besocht. Dêrmei wie de 40ste edysje fan it evenemint in grut sukses, seit de organisaasje.
Fan woansdei oant snein wienen der ferskate ûnderdielen te sjen. Hichtepunten wienen de Frânske hynsteflústerer, in ynternasjonale wedstriid fan de springruters en de dressuermiddei foar bern.