Mens fyfde by dressuer

21 okt 2007 - 16:25

Hynsterydster Ilona Mens fan Noardwâlde is sneintemiddei fyfde wurden by de Grutte Priis dressuer fan Indoor Friesland yn Ljouwert. Se die dat mei it hynder Pionier. Har skoare wie 63,61%.

De winst gie nei Coby van Baalen Dorresteyn. Se helle in skoare fan 67,92%. Se ried mei it hynder BMC Ojay. Aat van Essen waard mei Premier twadde, Christa Laarakkers-Larmoyeur pakte de tredde priis mei Ovation.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)