Mishanneling yn Ljouwert

21 okt 2007 - 16:02

De plysje docht ûndersyk nei in mishanneling fan in 59-jierrige Ljouwerter. De man waard sneontemoarn ferskate kearen skopt en slein troch trije jonges.

De man fytste op de Langdielstrjitte doe't ien fan de jonges him om in fjoerke frege. Doe't de man dat joech, krige er skoppen. De man is sa hurd slein dat er út de tiid rekke. In foarbygonger hat de man wekker makke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)