Hânballers Stiens ferlieze

© Omrop Fryslân
De hânballers fan Stiens ha sneontejûn de earste thúswedstriid ferlern. Tsjin Hurry Up 2 út Zwartemeer gongen de Stienzers mei 28-29 ûnderút. Mei it skoft wie de stân 11-12.
Fiif minuten foar de ein fan de wedstriid hie Stiens in foarsprong fan fiif punten. Troch persoanlike flaters stie nei twa kear 30 minuten lykwols in teloarstellende 28-29 op it skoareboerd.