Stroetinga wint maraton Grins

21 okt 2007 - 13:26

Arjan Stroetinga fan Aldeberkeap hat sneon yn Grins de tredde maraton om de KNSB-cup wûn. Stroetinga wie op de iisbaan Kardinge de rapste yn de massasprint.

Sjoerd Huisman waard twadde en Karlo Timmerman tredde. Bob de Vries bliuwt lieder fan it klassemint. By de froulju wûn Maria Sterk fan Hallum. Se wie de rapste yn de einsprint yn in kopgroep fan seis. Elma de Vries waard 7e mar bliuwt lieder yn it klassemint.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)