Nacht sûnder drank en drugs

21 okt 2007 - 12:21

322 Jongeren dienen sneontejûn mei oan de 'Europese Nacht Zonder Ongevallen'. By dizze aksje is it de bedoeling dat minsken de hiele jûn gjin drank of drugs nimme. Dit kear wie de aksje yn de diskoteken TDF yn Berltsum en Club J&M yn Drachten.

Oan de begjin fan de jûn krije de dielnimmers in earmbân om. Dêrmei belove se nuchter te bliuwen. Trijekwart fan de dielnimmers bleau fan de drank en drugs ôf.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)