Dubbeldam wint Grutte Priis

21 okt 2007 - 12:00
  • Jeroen Dubbeldam op BMC Up and Down (foto: Martin de Jong)
  • Franke Sloothaak

Springruter Jeroen Dubbeldam hat sneontejûn by it hynstesportevenemint Indoor Friesland de Grutte Priis wûn. Yn de barraazje wie hy de rapste, flaterleaze ruter.

'Fries om utens' Franke Sloothaak waard sechde. Hy lei it parkoers flugger ôf as Dubbeldam, mar omdat hy ûnderweis fjouwer strafpunten oprûn, foel er yn it klassemint nei ûnderen. Nathalie van der Mei fan Makkingea helle de barraazje net.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)