Nij MFC yn Easterein iepene

20 okt 2007 - 17:22

Easterein hat in nij multyfunksjoneel sintrum. Alle ferienings út it doarp sitte dêryn, lykas pjutteboartersplak en keatsferiening. Sa kinne sport, kultuer, soarch en wolwêzen alle kanten op. Yn 2000 binne de earste plannen betocht. Yn 2005 binne de finansjele saken regele. It gebou is betelle mei subsydzje en bydragen fan ferienings. Ek de bewenners fan Easterein ha meiholpen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)