Keunstiisbaan by skoalle

20 okt 2007 - 15:51

Basisskoalle Sint Maarten yn Boalsert krijt takom jier tydlik in keunstiisbaan. It is in inisjatyf fan reedridersbûn KNSB en haadsponsor Aegon. It bûn wol sa de jeugd entûsjast meitsje foar it reedriden. De ôfrûne jierren is it ledetal fan ferienings bot werom rûn. Dat komt om't der winters kwalik mear iis leit.

De KNSB giet 20 wiken lang mei de baan by skoallen oan. Boalsert is yn jannewaris of febrewaris oan bar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)