Brân by moskee Ljouwert
Der hat sneontemoarn brân west by de moskee op de Esdoornstrjitte yn Ljouwert. Om healwei fiven hinne seach in tsjûge dat in persoan in brânend foarwerp tsjin de gevel smiet.
Der ûntstie brân, dy't útmakke is troch in 33-jierrige Ljouwerter dy't krekt mei de auto foarby kaam. De plysje hat de saak yn ûndersyk.