Bestjoerders op de bon

20 okt 2007 - 14:55

De plysje hat freedtejûn yn Ljouwert 28 bekeuringen útdield by in grutte kontrôle op jongeren dy't mei auto's troch de stêd raceten. Foaral op de Aldlânsdyk binne in soad auto's kontroleard.

Op de Drachtsterwei ried in Wartenster 103 km/oere en op de Grinzerstrjitwei waard 154 kilometer yn de oere mjitten en op de Anne Vondelingwei ried in Ljouwerter 133 km/oere.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)