Wachtsje by Indoor Friesland

Besikers fan it hynstespektakel Indoor Friesland yn Ljouwert stienen freed twa oeren yn de rige om in kaartsje te keapjen. Yn tsjinstelling ta oare jierren wie dit jier mar ien kassa iepen.
Lulke reaksjes wiene it gefolch. Om't de sfear letter grimmitich waard, besleat de organisaasje om de doarren iepen te dwaan. In pear hûndert minsken koene sa fergees nei binnen. Sneon sille mear kassa's iepen wêze.