Univé giet nei It Hearrenfean

Ympresje fan it nije Univé haadkantoar op it Hearrenfean.
Fersekerder Univé Fryslân is ynkoarten net allinnich haadsponsor fan sportclub Hearrenfean, mar bout neist it stadion ek in nij haadkantoar.
De haadfestiging fan de Fryske Univé-tak yn Burgum slút yn 2009 at de nijbou klear is. It kantoar yn Burgum wurdt te lyts foar de 40 wurknimmers. Univé ferwachtet foar de kommende jierren in groei fan klanten en personiel.