De Terp Easternijtsjerk klear

Freedtemiddei is it ferboude doarphûs fan Easternijtsjerk wer iepene.
Mei de help fan 110 frijwilligers is yn in lyts skofke tiid it doarpshûs fan Easternijtsjerk folslein ferboud.
Fan de oanlis fan de húskes oant it ferfangen fan de elektrisiteit, alles is dien troch minsken út it doarp. Dêrmei wurdt dúdlik dat yn Easternijtsjerk it doarpshûs De Terp it klopjend hert fan it doarp is. De renovaasje koste 250.000 euro. It doarp lei sels in ton op it kleed.