Friezen ferlieze op WK Kata

19 okt 2007 - 19:01

De Fryske ploech dy't meidocht op it WK Kata foar junioaren yn it Turkske Istanbul, hat yn de earste ronde ferlern fan Vietnam. De suskes Sharon en Anouck Bletterman fan Ljouwert en Nathalie Sousa fan Stiens ferlearen mei 3-2. Beide teams wiene tige oan inoar weage. Kata is in soart fan karate, mar dan sûnder tsjinstanner. De bewegings fan de karatesport moatte sa moai mooglik útfierd wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)