Fergees boek by biblioteek

19 okt 2007 - 17:23

Fan freed ôf kin wer in fergees boek ophelle wurde yn alle iepenbiere biblioteken. Dit jier giet it om it boek De Gelukkige Klas fan skriuwer Theo Thijssen, oer it ûnderwiis goed 80 jier lyn.

De aksje mei it fergese boek is bedoeld om minsken wer oan it lêzen te krijen en waard ferline jier foar it earst hâlden. Doe waarden troch it hiele lân goed 700 tûzen boeken weijûn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)