Fryslân dei sûnder drank

Drank ien dei taboe yn Fryslân?
Fryslân moat ien dei folslein droech lein wurde. Nergens yn de provinsje mei dan alkohol skonken wurde. It is in inisjatyf fan stichting wykwurk Ljouwert. Dy wol in grut alkoholfrij- feest yn Ljouwert organisearje.
De organisaasje krige it idee om dat yn de hele provinsje te hâlden ûnder de namme Fryslân Frislân. Se ha de provinsje en de oare gemeenten frege om mei te wurkjen. Dúdlik moat wurde dat je sûnder drank feestfiere kinne.