Stroom út ôffalstoart

19 okt 2007 - 13:19

It systeem fan it bedriuw Van der Wiel yn Drachten, om stroom te heljen út in ôffalstoart, giet hieltyd fierder de wrâld oer. Ut in ôffalstoart komt altyd wat gas frij.

Van der Wiel betocht 20 jier lyn al in plan om it gas mei buizen ôf te fieren en te ferbrânen yn in stroomgenerator. Yn Nederlân is dat op ferskate plakken tapast en Van der Wiel levert ek al yn Brazilië en Argentinië. Dêr komme no Meksiko en Turkije noch by.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)