Ein bibliobussen yn sicht

Aksjes foar it behâld lykje net te helpen
De seis bibliobussen fan de bibleteek- service Fryslân bliuwe oer twa jier definityf yn de garaazje. De ried fan bestjoer fan de service wol dermei ophâlde, sa stiet yn it jierferslach fan de bibliotheekservice.
Lange tiid kamen de bussen yn hast alle lytse Fryske doarpen, mar de lêste jierren wolle hieltyd mear gemeenten der net mear foar betelje. De ferwachtingen foar de kommende jierren binne somber.