29 projekten by Waadfûns

19 okt 2007 - 11:20

Der binne 29 Fryske projekten fan yn totaal 72 miljoen euro yntsjinne by it Waadfûns. Ut it Waadfûns kin de helte fan dat bedrach betelle wurde. De oare helte moatte de inisjatyfnimmers sels op it kleed bringe.

De kommende tweintich jier komt der 800 miljoen euro frij foar projekten. Dat jild sil komme út de opbringst fan de gaswinning. Dêrfan is 200 miljoen euro bedoeld foar de útkeap fan kokkelfiskers.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)