Spul om apparteminten Gordyk

© Omrop Fryslân
Troch in konflikt tusken de bouwer en de projektûntwikkelder leit de bou fan it appartemintekompleks Quadrivium op De Gordyk op 'e nij stil. Oannimmer Slomp en projektûntwikelder Adelaar kinne it net iens wurde wa't de kosten drage moat fan eardere boufertragings.
Begjin dit jier lei Opsterlân de bou stil omdat de grûn drige te fersakjen. Om dochs fierder te kinnen moasten doe ekstra kosten makke wurde. Slomp wol dat jild werom ha fan Adelaar.