Winkeldief Dokkum naait út

© Omrop Fryslân
De plysje hat tongersdei yn Dokkum om 'e nocht socht nei in winkeldief. De man hie wat meinaam út in winkel oan de Grote Breedstrjitte. Doe't er fuortgie, gie it alarm ôf.
In meiwurkster fan de winkel frege de man oft er syn tas iependwaan woe, mar yn pleats dêrfan naaide er út. De frou pakte de tas noch fêst, en de dief knypte har doe hurd yn de earm. Hy koe ûntsnappe, ek al omdat it winkeljende publyk neffens de plysje neat die.