Frou komt om op Iselmar

19 okt 2007 - 06:49
  • De Urker rêdingsboat kaam yn aksje

In 20-jierrige ynwenster fan Frjentsjer is tongersdei om it libben kaam doe't it syljacht dêr't se op foer oerfearn waard troch in binnenfeartskip. Troch de botsing sonk it jacht en rekke de frou te wetter. Se is oerbrocht nei it sikehûs mar de help kaam te let.

In twadde opfarrende, in 21-jierrige Skylger, is troch de bemanning fan it binnenfeartskip út it wetter helle. It ûngemak foar de kust fan Lelystêd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)