Frou ferwûne op Skylge

© Omrop Fryslân
In 65-jierige ynwenner fan St. Anne is tongersdei swier ferwûne rekke by in ferkearsûngemak by Midslân op Skylge. Se woe de Hoofdweg oerstekke op 'e fyts, mar twivele healweis. In 67-jierige ynwenner fan Hoorn koe har dêrtroch yn har auto net mear ûntwike.
De frou rûn in swiere ferwûning op oan de holle en hie in brutsen ankel. Se is mei de traumahelikopter oerbrocht nei it sikehûs.