'Gemeenten te folle bedriuw'

© Omrop Fryslân
Fryske gemeenten tinke te folle as in bedriuw as it op duorsume enerzjy út ôffal oankomt. Se kieze leaver foar goedkeap as skjin. Dat seit direkteur Doppenberg fan ôffalferwurkingsbedriuw Omrin. As gemeenten wat minder op de priis lette soene, dan soe der neffens Doppenberg goed 50 persent mear enerzjy út it ôffal helle wurde kinne.
Dan giet it bygelyks oer in oare ferwurking fan GFT-ôffal en oer bio- enerzjy út it iepenbiere grien en hout.