SAR-heli's bliuwe mooglik toch
De kâns is grutter wurden dat de SAR-helikopters yn Ljouwert bliuwe kinne. Dat is de útkomst fan in petear tusken Kommissaris fan de Keninginne Ed Nijpels en steatssikretaris Van der Knaap fan Definsje.
It ministearje sil ûndersykje oft it pasjinteferfier en de rampebestriding foar Ljouwert behâlden wurde kinne. It kabinet wol de SAR-heli's einst oerpleatse nei de marinebasis yn Den Helder. It Noarden is dêr fûl tsjin.