Dûbel gefoel oer gemaal

© Omrop Fryslân
Wetterskip Fryslân hat tongersdei it gemaal fan de Ychtenerfeanpolder oan de stifting Waterschapserfgoed oerlange. It gemaal is yn âlde steat wersteld.
Foar de ynwenners fan Ychten stiet it monumint foaral symboal foar ferkeard wetterskipsbelied. It Wetterskip hat it grûnwetterpeil yn'e omjouwing geregeld ferlege om it lân fan 'e boeren droech te krijen. Mar dêrtroch binne hûndert hûzen fersakke.