Hylke Speerstra ûnderskieden

Hylke Speerstra: in soad dien foar de Nederlânske tydskriftesjoernalistyk
Skriuwer en sjoernalist Hylke Speerstra krijt de Zilveren Legpenning fan it Lucas Ooms Fonds. Hy krijt de ûnderskieding foar syn fertsjinsten foar de tydskriftsjoernalistyk.
Speerstra wie haadredakteur fan de Ljouwerter krante en wurke ek as tydskriftredakteur foar útjouwerij Kluwer. Hy rjochte dêr it Agrarisch Dagblad op. De penning wurdt him ein novimber útrikt yn Amsterdam.