Hôf yn finale Restauratie

18 okt 2007 - 10:15
  • It begraafplak makket in goeie kâns op in miljoen euro

It âlde begraafplak oan de Spanjaardsleane yn Ljouwert sit yn de finale fan it AVRO-programma Restauratie. Mei trije oare monuminten giet it begraafplak de striid oan foar de 1 miljoen euro. Yn de finale bepale sjoggers hokker monumint dat bedrach krijt om de restauraasje út te fieren.

Der dogge 14 monuminten mei oan it programma, werûnder ek de tsjerke fan Wier. Dy is woansdei op de tillefyzje te sjen. De finale is in wike letter.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)