Nijpels drok mei feestjes

Kommissaris Nijpels wurdt faak frege foar in feestje
Kommissaris fan de Keninginne Ed Nijpels is in populêr society-figuer. Hy stiet tredde op de list fan de hûndert meast útnoege minsken fan Nederlân.
It blêd Miljonair hat útsocht hokker minsken it meast op feestjes ferskine. Op it earste plak stiet fêstguodûndernimmer Christine Kroonenberg. Sy hat sa'n 300 feestjes yn it jier. Twadde waard interieurûntwerper Jan des Bouvrie.