NOM wol wurk Cordis behâlde

© Omrop Fryslân
De Noordelijke Ontwikkelings-maatschappij (NOM)sjocht noch kânsen om it ferlies fan wurkgelegenheid troch de sluting fan it bedriuw Cordis yn Roden foar in part op te fangen. By Cordis wurkje 700 minsken; 200 dêrfan komme út Fryslân.
De NOM set allerearst yn op it foarkommen fan de sluting. De organisaasje fynt ek dat de festiging yn Leiden wol nei it Noarden ferpleatst wurde kin.