Strontraceskûtsje hast omslein

© Omrop Fryslân
Dielnimmer Kees_Hermsen oan de Warkumer strontrace is woansdeitejûn foar de Fryske kust hast omslein. Der binne gjin minsken ferwûne rekke. Syn skûtsje de Ulbe_Zwaga gong ten súden fan Starum plat, mar kaam út himsels wer oerein. Net ien fan de fiif minsken oan board foel yn it wetter.
Trije rêdingsboaten ha holpen, want it skip krige ek noch in line yn de skroef. De Ulbe_Zwaga is wer nei Warkum weromgien.