Bysûnder sulver feild

17 okt 2007 - 18:03
  • It sulver wurdt kreas útstald

Feilinghûs Ald Fryslân yn Drylts sil de grutse sulverkolleksje út syn skiednis feile. It giet om 180 sulveren tabaks- en snúfdoaskes, dy't nije wike ûnder de hammer komme. De bysûndere samling komt út priveebesit.

It feilinghûs is drok dwaande alles út te stallen foar de sjochdagen fan dit wykein. Guon doaskes binne mear as 200 jier âld en hûnderten euro's wurdich.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)