Albino-stikelbaarch fûn

17 okt 2007 - 17:40

By de fûgelopfang yn Marsum is dizze wike in albino-stikelbarchje binnenbrocht. Sa'n stikelbarchje is wyt-bêzje fan kleur en hat reade eagjes. Se binne seldsum: ien op de 2500 stikelbarchjes is albino.

It bistje is in moanne âld en kin himsels net rêde sûnder mem. Hy sit tydlik yn de koeveuze yn Marsum om oan te sterkjen en wurdt dan oerbrocht nei de Fûgelhelling yn Oerterp. Dêr kin er nei in skofke útsetten wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)